Komponist Jacob de Haan eare mei twa Buma-awards

06 nov 2018 - 10:50

Hy hat yn syn karriêre al mear as hûndert wurken foar koar, harmony-orkest en fanfare skreaun, en krijt no foar dat folsleine oeuvre de Buma Blaasmuzyk Award 2018. Jacob de Haan fan It Hearrenfean is op dit stuit sels de meast spile komponist fan Nederlân. Syn komposysje 'Concerto d'Amore' is op YouTube yn ferskate útfieringen al miljoenen kearen sjoen.

Foto: Omrop Fryslân

In soad komposysjes fan De Haan binne it resultaat fan spesjale opdrachten fan ynstânsjes en orkesten. Sa moast er krektlyn noch in stik skriuwe foar Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Dit is it wurk 'Grutsk' wurden. It wurk fan De Haan wurdt troch in breed publyk wurdearre. Dit soe komme troch de tagonklikheid fan de melodyen en de keazen harmonyen.

Jacob de Haan wint de Buma Blaasmuzyk Award

Ferneamd bûten Fryslân

It wurk fan De Haan falt ek de lanlike media op, sa wie er koartlyn noch te gast by de talkshow RTL Late Night mei Twan Huys. De Fryske komponist hat njonken de Buma Blaasmuzyk Award ek de Buma Classical Award wûn. It is noch nea earder foarkaam dat in komponist beide prizen tagelyk mei nei hûs ta nimme mocht.

De Buma Blaasmuzyk Award wurdt alle jierren útrikt oan in komponist dy't in wichtige bydrage levere hat oan de ûntwikkeling fan de blaasmuzyk yn Nederlân en dêrbûten. De seleksje en foardracht fan de kandidaten wurdt dien yn oerlis mei it Repertoire Informatie Centrum. Jacob de Haan krijt syn prizen yn desimber oerlange by it Fanfare Repertoire Festival 2018 yn Ede.

(advertinsje)