Wêrom is it biosintrum yn Easterwâlde sa bysûnder?

06 nov 2018 - 10:49

De bou fan it Biosintrum yn Easterwâlde is oer in pear wiken klear. It projekt is bysûnder, omdat it foar it grutste part oplutsen wurdt mei sirkulêre materialen en folslein enerzjyneutraal is.

Sa bestiet de isolaasje út fynmealde spikerbroeken en papierpulp en is it beton yn'e flier foar in grut part makke mei olifantegers. De kezinen binne fan Accoya, in spesjale houtsoarte dy't net skildere wurde hoecht.

Neffens direkteur Jacob Koopmans fan boubedriuw Buiteveld lûkt it gebou, wêrfan't de bou dizze maitiid úteinsette, fanwegen syn unike karakter in soad oandacht. Net allinnich yn de bouwrâld, mar ek dêr bûten. Buiteveld hat der in soad fan leard en sil in part fan de materialen yn de takomst ek by oare projekten brûke.

Jacob Koopmans (l) en Rob van der Hoek fan boubedriuw Buiteveld by it Biosintrum. - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Hout út Nij-Seelân

Wol tinkt Koopmans dat it noch wol even duorje sil foardat sirkulêr bouwen op dizze wize de noarm wurdt. Dêrfoar is it faak noch te dreech om oan goeie materialen te kommen. De spikerbroeken binne bygelyks by in Frânsk bedriuwe ferwurke. En it hout foar de kezinen komt út Nij-Seelân.

Foar skoallen en ûndernimmers

It gebou is eigendom fan de gemeente Eaststellingwerf en de provinsje. It sintrum is bedoeld foar skoallen en ûndernimmers. De inisjatyfnimmers hoopje op dizze wize jongeren foar de gemeente te behâlden.

Takom jier febrewaris moat it iepen gean. In spesjaal hjirfoar yn it libben roppen stichting kriget it dan yn eigendom en sil it ek beheare. It projekt kostet goed trije-en-in-heal miljoen euro.

(advertinsje)