Deputearre Kramer net te sprekken oer nije plannen NS

06 nov 2018 - 08:13

Deputearre Johannes Kramer is net te sprekken oer it nije plan fan de NS. De treinferfierder wol takom jier in proef dwaan mei in fluggere ferbining tusken Grins en de Rânestêd, mar lit dêrby neffens Kramer "De grutste provinsje fan Noard-Nederlân, mei de measte ynwenners, links lizze."

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Harkje nei de reaksje fan deputearre Kramer

Oer it ferbetterjen fan de spoarferbining tusken it Noarden en de Rânestêd wurdt al jierren praat, mar no leit der in konkreet plan om tusken Grins en it Westen in fluggere ferbining te realisearjen. Dit wol de NS dwaan troch Lelystêd en Assen oer te slaan, en mei 160 kilometer yn de oere tusken Swol en Lelystêd te reizgjen, yn stee fan de gewoane 140 kilometer yn de oere. Hjirtroch kin de reistiid mei in kertier koarter makke wurde.

Kramer fynt dat de NS sjen moat nei de ferbining tusken Ljouwert en Swolle. "As de NS net wol as kin, dan de ferbining tusken Swol en Ljouwert fersneld regionalisearje: It kin wol!" Sa skriuwt er op Twitter. Neffens de NS-topman Roger van Boxtel is it plan lykwols ek mooglikheid foar oare regio's om fan de ûnderfiningen fan Grins te learen. "Het liefst wil de NS in de toekomst ook de reistijd naar andere steden fors verkorten, om de trein voor reizigers aantrekkelijker te maken."

De feroarings tusken Grins en de Rânestêd soene ek in foardiel foar Fryslân hawwe: nei de oerstap yn Swolle soene ek de Fryske reizgers profitearje fan it oerslaan fan Lelystêd, en de hegere snelheid yn de polder.

(advertinsje)