Iselmarsikehûzen binne miljoenen misrûn troch djoere medisinen

De Iselmarsikehûzen binne oardel jier lang trochgien mei it keapjen fan djoere medisinen tsjin kanker yn Dútslân, wylst se wisten dat dy net fergoede wurde soene troch de soarchfersekerders. Dat hat de sikehûzen miljoenen euro's koste, skriuwt it sjoernalistike ûndersykskollektyf Follow the Money.
Betelje fan medisinen © Shutterstock.com
Wêrom't de sikehûzen troch gienen mei it keapjen fan de djoere medisinen, is net dúdlik. It sikehûsbestjoer woe net reagearje op it nijs.
De sikehûzen yn Lelystêd, Emmeloord, Dronten en op Urk giene op 25 oktober fallyt. It tekoart wie sa'n 4,5 miljoen euro. Hast itselde bedrach binne de sikehûzen neffens Follow the Money misrûn troch de net-fergoede medisinen yn Dútslân te keapjen.
Antonius Zorggroep út Snits is ien fan de partijen dy't in bod útbrocht hat om in part fan de fallite sikehûzen oer te nimmen.