Kollum: "Us Foekje"

06 nov 2018 - 07:20

"Okkerdeis wie der opskuor yn de hurdfytswrâld. By baankampioenskippen foar froulju yn Amearika wûn de 36-jierrige Rachel McKinnon. In dei letter twittere de nûmer trije fan dy race dat de útslach net earlik wie. Sy doelde op it feit dat Rachel McKinnon in transgender frommeske is.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Nei dy tweet barste in heftige diskusje los. McKinnon reagearre troch te stellen dat se in frou wie, dat dy oantsjutting op har bertebewiis stie en dat de sport it tastie om wedstriden oan te gean mei it geslacht fan jins identifikaasje. Oaren seine dat je mar nei de foto's hoegden te sjen om te witten dat it net earlik wie. Dat je oan de bûtenkant saken feroarje litte kinne, mar dat de realiteit fan it lichem dêr't je yn berne binne in gegeven is.

In frou dy't as man berne wurden is sil altyd in oare bonkestruktuer hawwe, in oare opbou fan spieren, gruttere longen en in oare hormonale basis as fan in frou dy't as frou op 'e wrâld komt. Mei oare wurden: transgenders as McKinnon sille primêr in fysyk foardiel hawwe en sadwaande earlike wedstriden ûnmooglik meitsje. Dêr helpt it feroarjen fan 'man' nei 'frou' yn it bertebewiis neat oan. De nûmer twa fan de útslach hie der oars gjin problemen mei. Dy sei dat net ien transgender wurdt om medaljes te winnen, en dat de race earlik en ûnder UCI-regleminten ferrûn wie.

Troch dy hiele diskusje moast ik ynienen oan Foekje Dillema tinke, ien fan de grutste atletyk talinten dy't Fryslân en Nederlân hân hawwe. Foekje har talint waard ûntdutsen by de gymnastykferiening fan Kollum. Yn de maitiid fan 1948 rûn se har earste ûnoffisjele wedstryd yn Bûtenpost. Op sokken. Dy wûn se mei foarsprong, eins op har sloffen, dus. In jier letter waard Foekje Dillema lid fan de atletykferiening Vitesse yn Ljouwert. Yn de simmer fan 1949 rûn se har earste ynternasjonale wedstriden. Yn it stadion fan Feijenoord wûn se de 200 meter op ymponearjende wize. As slotrinster op de 4x100 meter estafette sette se in hopeleaze efterstân om yn winst, wêrby't se it publyk op 'e banken krige. Letter yn dy simmer makke se yn Londen sa'n grutte yndruk mei winst op de 100 en 200 meter dat se ta 'atleet fan de wedstryd' útroppen waard. Dat wie har ynternasjonale trochbraak.

It jier dêrnei kaam de IAAF mei in ferplichte geslachtskeuring foar alle dielnimmende atletes. Dat betsjutte in gynekologysk ûndersyk dat Foekje Dillema wegere. Sadwaande waard se foar it libben útsluten. Nei har dea die út ûndersyk bliken dat se 'hyperandrogeen' wie, in ûnbalâns yn de gromosomen dy't in 'yntersekse kondysje' neamd wurdt. In kondysje dêr't je mei berne wurde en neat oan dwaan kinne. Dat is in wêzentlik fysyk ferskil mei transgenders. Dy hawwe earder mei in geastlik oanberne kondysje te krijen. De fragen bliuwe fandatoangeande: kinne je minsken it rjocht op kompetetive sport ûntsizze? Moatte sportorganisaasjes de regels oanpasse, of kinne cis- en transgenders yn deselde wedstriden tsjininoar út bliuwen komme?"

(advertinsje)