De Vrijbuiter komt werom ûnder nije namme

Kampearhal De Vrijbuiter komt werom yn Roden. De Vrijbuiter, mei yn totaal fjouwer fêstigingen, gie yn augustus fallyt. De eardere eigeners Ate van der Veen en Gerard Kremer blaze de kampearhal yn Roden no nij libben yn.
© Frits Emmelkamp, RTV Drenthe
Kremer en Van der Veen krije finansjele stipe fan it MKB-fûns, lokale ûndernimmers, de provinsje Drinte en de gemeente Noordenveld. De Vrijbuiter waard yn 1985 oprjochte en wie ûnder kampearders in bekende namme. Der kamen ek in soad Friezen nei Roden.
Njonken Roden iepene it bedriuw ek fêstigingen yn Zaandam, Gouda en Roermond. De winkels yn Zaandam en Gouda waarden oernaam troch it Rotterdamske Vervat en hawwe in trochstart makke. De Vrijbuiter naam ek De Waard tinten oer. Nei it fallisemint is De Waard tinten oernaam troch de Sunshine Group.