Antonius wol soarch Lelystêd net oernimme

Minister Bruno Bruins fan Medische Zorg & Sport hat de Antonius Zorggroep fan Snits persoanlik frege in bod te dwaan om de soarch yn Lelystêd ek oer te nimmen. Mar neffens bestjoersfoarsitter Marcel Kuin giet dat te fier. "Er is gewoon een ziekenhuis te veel in de Flevopolder."
© Omrop Fryslân
Dochs is der in partij dy't it wol sitten sjocht om de soarch yn Lelystêd oerein te hâlden. It giet dan om de kommersjele soarchoanbieder CCN (Cardiologie Centra Nederland), dy't ek aktyf is yn Dokkum by de polykliniken fan Sionsberg.

Belutsen by oare fallite sikehuzen

Soarchûndernimmer Loek Winter is direkt belutsen by CCN. Hy wie dat ek by it Slotervaartziekenhuis en de IJsselmeerziekenhuizen dy't no op de fles gien binne. Marcel Kuin ferwachtet dan ek net dat 'dezelfde fout opnieuw zal worden gemaakt', troch Winter te belûken by de oplossing fan dit probleem.
Tiisdei sil de Antonius Soarchgroep by de kurator harren bod taljochtsje om de soarch yn de Noardeastpolder en op Urk oer te nimmen. De minister soe dan woansdeitejûn beslute wolle op hokker bod oft er yngiet.
Marcel Kuin oer it bod