Partijen Noardeast-Fryslân binne tsjin gaswinning, mar foar wynmûnen

06 nov 2018 - 00:35

De gaswinning wie moandei it sintrale tema by it grutte ferkiezingsdebat foar Noardeast-Fryslân yn Ternaard. Doarpshûs Tunawerth wie ôfladen fol doe't de njoggen listlûkers debattearren oer de plannen om by it doarp gas te winnen. In soad ynwenners fan Ternaard binne tsjin dy gaswinning en fergen de politike partijen op in dúdlik stânpunt.

Jouke Douwe de Vries (rjochts) yn debat mei Jelle Boerema (VVD) - Foto: Omrop Fryslân

De measte partijen binne op dy gaswinning tsjin, mar wolle tagelyk wol yn petear bliuwe mei it ryk yn it saneamde 'omjouwingsproses'. "It CDA is tsjin it oanboarjen fan de gasbel by Ternaard, mar we hawwe it net foar it sizzen, dat is it lestige", seit listlûker Lieuwe Sytsma.

Jouke Douwe de Vries fan SIN fynt dat mar in slop stânpunt. Hy fynt dat de gemeente fuortendaliks út it omjouwingsproses stappe moat. "Meiwurkje oan it omjouwingsproses betsjut dat je meiwurkje oan gaswinning. We moatte krekt in dúdlik protest hearre litte."

Jelle Boerema fan de VVD fûn op syn beurt it ferhaal fan De Vries wer 'te maklik'. "Als gemeente gaan we daar niet over. We moeten natuurlijk wel van het gas af, maar zover zijn we nu nog niet."

Doarpshûs Tunawerth yn Ternaard siet fol by it ferkiezingsdebat - Foto: Omrop Fryslân

Nije wynmûnen dan?

De measte oanwêzigen yn it folle doarpshûs lieten wite dat se graach mear romte jaan wolle foar it pleatsen fan nije wynmûnen. De measte kandidaat-riedsleden wolle dy romte ek wol jaan, salang't de mûnen mar net 'te massaal en te heech' wurde.

Grutte útsûndering wie de FNP. "Wy binne tsjin wynmûnen op it lân, mar foar wynmûnen op see", sei listlûker Bert Koonstra. De partij nimt dêrmei in hiel oar stânpunt yn as it CDA, no noch de koälysjepartner fan de FNP yn Dongeradiel en Ferwerderadiel.

Wurdt dat gjin probleem by de kolleezje-ûnderhannelings nei de ferkiezings? "De FNP is tsjin wynmûnen, mar de ledegearkomste fan de FNP-ôfdieling Noardeast-Fryslân hat it lêste wurd", sei Koonstra dêroer.

Harkje nei de listlûkers Sytsma (CDA), De Vries (SIN) en Koonstra (FNP)

De weryndielingsferkiezingen foar de nije gemeente Noardeast-Fryslân binne op 21 novimber. Yn Ternaard wie moandei it earste fan fjouwer debatten. Der komme ek noch debatten yn Kollum (12 novimber), yn Burdaard (16 novimber) en it slotdebat is yn Dokkum (19 novimber).

(advertinsje)
(advertinsje)