FIDEO: Is der ferskil yn oanpak jongere en âldere filmmakkers?

05 nov 2018 - 22:36

It Noordelijk Filmfestival hat dit jier in soad romte foar it oanstoarmjend filmtalint. It tema is New Generation. Te gast yn Fryslân Hjoed binne de jonge Fryske filmmakker Froukje van Wengerden (30) en de wat âldere Henk Penninga (69).

Syn foarbyld wie de sineäst Bert Haanstra. Penninga syn film oer it doarp Minnertsgea (1995) is snein te sjen op it festival. Fan Froukje is de dokumintêrefilm Moving Landscapes te sjen. Is de film fan doe wat oars as de film fan no? Dêr prate wy oer oan tafel.

(advertinsje)