Graffity bringt grize muorren Ljouwert ta libben

05 nov 2018 - 22:00

Grize muorren yn Ljouwert krije kleur. In fisk mei dêrûnder in kninekop en in krabbe. Dy stean op de achtergevel fan it eardere Aegongebou njonken it stasjon. Eefkes fierderop stiet de remize fan Arriva. Wie dy muorre earder hast net om oan te sjen, no hawwe de sjauffeurs it sicht op in fûgel op in grize eftergrûn.

In muorre dêrnjonken is pears ferve mei dêrop in griene fûgel dy't in apel út in hân yt. It giet om Writer's Block, ien fan de aktiviteiten dy't hearre by de ein fan LF2018 en de ReOpening fan takom jier. Dan is Ljouwert it plak foar in grut graffityfestival.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Politikus en graffityleafhawwer

Graffity is wat Serge Hollander al sûnt syn jonge jierren dwaande hâldt. Yn Ljouwert is hy ek wol bekend as de fraksjefoarsitter fan de pleatslike VVD. Hollander is sljocht op de hiphopkultuer en alles dêromhinne, dus ek de graffity. Hysels hâldt it by it meitsjen fan sketsen yn skriften. Mar it is in keunstfoarm dy't him altyd dwaande hâldt.

Plan foar graffityfestival ûntstie op skoalplein

Dat jildt ek foar Peter Reen. In man dy't yn Ljouwert ûnder oare podium Asteriks mei opset hat en ferantwurdlik is foar it muzykprogramma fan Welcome to the Village. Op it skoalplein dêr't se wachten op harren bern, rekken se oan de praat. Oer ûnder oare harren passy foar graffity. Stadichoan krige it plan stal dat Ljouwert in graffityfestival krije moast.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Israëlyske soldaat oan it touspringen yn Haniasteeg

Yn de oanrin nei it festival frege de organisaasje fan LF2018 oft se net ek in rol spylje woene by de ôfsluting fan it kulturele jier. Foar beide manlju gjin probleem en dus giene se oan de slach. Tal fan keunstners binne nei Ljouwert helle. Sa makke de artyst Fake it wurk Dance Dance Dance. Hy tekene in Palestyn en in Joadske kolonist dy't in soldaat touspringe litte. It stik is te finen yn de Haniasteeg. Hollander: "Op deze locatie kiezen wij voor kunst met een boodschap. Zoals hier dus het stuk van Fake die vrede en liefde predikt."

Bern op rêd fan fortún

Dêr rjocht foaroer in keunstwurk makke troch de Malteeske keunstner Twitch. Hy spuite in bern op in soarte fan 'draaiend rêd fan fortún' omjûn troch it grutkapitaal, fersmoarging en oarloch.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Earth Crusher op gemeentehûs

Op in pear plakken yn de stêd wurdt no noch wurke oan graffity. Sa gean der aansens keunstners oan de slach by stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Se bespuitsje dêr in doek fan goed 30 by 20 meter. By it gemeentehûs binne twa Kanadezen oan de slach. It giet om Earth Crusher en Five8 út Montreal. Op de effen muorre oan de kant fan de Nijstêd meitsje sy in grutte Earth Crusher. It keunstwurk wurdt sa grut as it gebou.

Op 18 novimber moatte alle graffitykeunstwurken klear wêze. Beide keunstners hawwe der in soad nocht oan: "We fine it prachtich om yn Ljouwert te wurkjen. It moaiste is noch dat wysels krekt útfûn hawwe dat ús nammen oerienkomme mei alles dêr't it yn Ljouwert it ôfrûne jier om draaide: Kulturele Haadstêd. Five8 stiet foar 058, it kengetal fan Ljouwert. De ôfkoarting fan Earth Crusher is EC, European Capital. Wow, wat in tafal."

(advertinsje)