Hûndert ynstjoerings op skriuwwedstriid skoallemienskip Piter Jelles

05 nov 2018 - 21:30

Der sitte in soad skriuwers op skoallemienskip Piter Jelles. Op in wedstriid foar gedichten, kolumns en ferhalen oer it tema 'Verbinding' kamen hast hûndert ynstjoerings binnen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De wedstriid wie de grutte finale fan it projekt PJ Schrijft, wêryn't de skoalle in ferbining lizze woe tusken Piter Jelles Troestra as skriuwer en de literêre en skriuwaspriraasjes by learlingen. Fanwege LF2018 hat de skoalle yn gearwurking mei tal fan skriuwers en dichters lessen, workshops en masterclasses organisearre. Moandei waarden by in literêr diner yn de Montessori Highschool yn Ljouwerter de priiswinners bekend makke.

PJ Schrijft

(advertinsje)