Gemeentefúzje hie om boargemaster Wil van den Berg net hoegd

05 nov 2018 - 21:10

Boargemaster Wil van den Berg fan Ferwerderadiel hie it leaver langer oansjen wollen hoe't de amtlike fúzje ferrûn foardat de gemeentefúzje der kaam. Mar de ried hat oars besluten en by in demokratysk beslút moattte jo je dellizze, neffens Van den Berg.

Wil van den Berg hâldt begjin desimber op as boargemaster yn Ferwerderadiel en in moanne letter is ek syn gemeente ferline tiid. Ferwerderadiel is ien fan de gemeenten dy't takom jier opgiet yn Noardeast-Fryslân.

Van den Berg is al 17 jier boargemaster yn Ferwerderadiel. Om him hie de weryndieling net hoegd, sei de CDA'er yn It Polytburo. Amtlike gearwurking hie neffens him earst genôch west. Buorgemeente Dantumadiel bliuwt ek bûten de fúzje. Van den Berg hat him lykwols dellein by it riedsbeslút dat grien ljocht joech oan de weryndieling mei Dongeradiel en Kollumerlân.

Wrâldferneamd troch dobbehynders

Van den Berg wie fyftjin jier ferlyn efkes yn it middelpunt fan de belangstelling doe't yn it Noarderleech de hynders yn it wetter stiene en der net wei koene. "Dat zijn de drie dagen geweest in mijn functie als burgemeester van Ferwerderadiel dat ik weinig tot niet heb geslapen. Het was een van de zaken die zich aandiende als ramp. Er was een enorme belangstelling vanuit binnen- en buitenland. Het is redelijk goed afgelopen, vooral met een grote pluim voor de dames die de paarden aan de wal hebben gebracht. Wij hebben 275 paarden kunnen redden, 20 hebben het helaas niet gered."

Der wiene doe ek al ôfspraken dat it fee foar 15 oktober fan it Noarderleech ôf helle wurde wêze moatten hie. Mar dat is net bard. "Wat we ervan hebben geleerd, is dat sinds die tijd boeren via de e-mail worden geïnformeerd over de hoogte van de waterstand en de kans op het overlopen van kwelders." En oant no ta wurket dat, seit Van den Berg,

Rekreaasjemar dy't der net kaam

By syn oanstelling krige Van den Berg fan kommissaris fan de Keninginne Nijpels mei dat der wol wat barre moast yn de gemeente. Hy hat der doe oer tocht om by de Dokkumer Ie in rekreaasjemar oan te lizzen om it wetter op te fangen by wetteroerlêst. Dat is der nea fan kaam. Wat wol bard is, is dat Burdaard in grutte ûntwikkeling trochmakke wat rekreaasje oanbelanget, seit Van den Berg. Al is it park Waterrijk dan wol mislearre, omdat de eksploitant fallyt gie.

"Maar we zijn nu in onderhandeling met en nieuwe projectontwikkelaar. We hopen dat dat tot een contract leidt, waardoor we een nieuwe fase kunnen ingaan. De eerste fase is voltooid en er wordt ook al verhuurd."

Minder belesting betelje yn krimpgebieten

Van den Berg tinkt dat it ryk mienskiplik folle mear dwaan moat mei krimpgebieten. Sa soe in legere fennoatskipsbelesting of in preemjeregeling foar de oankeap fan in hûs jonge nijkommers nei de krimpgebieten lokje moatte. Der moat in goed klimaat komme om te wenjen en wurkjen. En de ferskate krimpgebieten yn Nederlân soene konkreet mear mei-inoar gearwukje moatte.

Waarnimmend boargemaster?

As er net mear boargemaster is, bliuwt Van den Berg foarearst wol yn Fryslân te wenjen. "Het leefklimaat is hier hartstikke goed. Als je langs Schiphol rijdt, ruik je de kerosine. Dat heb je hier in Fryslân niet."

By kommissaris fan de kening Arno Brok hat er trochjûn dat er as waarnimmend boargemaster oan de slach wol.

(advertinsje)