Jong Hearrenfean spilet gelyk tsjin beloften Go Ahead

05 nov 2018 - 20:44

Jong SC Hearrenfean hat moandei mei 2-2 gelykspile tsjin de beloften fan Go Ahead Eagles. De ploech út Deventer gie mei in 0-1 foarsprong it skoft yn. Yn de twadde helte kamen de Friezen op 2-1, mar in kertier foar tiid foel de 2-2.

Marco Rojas yn in eardere wedstriid - Foto: www.orange-pictures.nl

Jairzinho Slijngard sette Go Ahead Eagles flak foar it skoft op 0-1. Nei in lyts kertier spyljen yn de twadde helte krige Hearrenfean in strafskop. Jizz Hornkamp skeat raak: 1-1. In minút letter soarge Marco Rojas sels foar in Feanster foarsprong.

In kertier foar tiid rekke Hearrenfean dy foarsprong kwyt. Slijngard skoarde opnij foar Go Ahead Eagles: 2-2. Dêr bleau it by.

Hearrenfean hat no 10 punten pakt yn seis wedstriden. Dat binne twa mear as Go Ahead. De Feansters steane op it tredde plak. In plak by de earste fiif is it doel, want dy geane troch nei de kampioenspûl.

(advertinsje)