Dûbelde sifers Jong Cambuur op besite by Jong Achilles'29

05 nov 2018 - 20:36

It belofteteam fan SC Cambuur hat moandeitejûn de dûbelde sifers helle op besite by Jong Achilles'29. It waard 0-10 yn Groesbeek. Stanley Akoy en Oege Sietse van Lingen skoarden elk twa kear.

Stanley Akoy yn in eardere wedstriid foar Jong Cambuur - Foto: www.orange-pictures.nl

De oare goals kamen fan Rutger Etten, Safouane Ahidar, Robin Maulun, Alex Bangura, Achraf Akhamrane en in eigen goal fan de thúsploech.

It is foar de Ljouwerters pas de twadde oerwinning yn seis wedstriden. Jong Achilles stiet noch puntleas ûnderoan. It is ek net de earste kear dit seizoen dat Jong Achilles mei dûbelde sifers ferlear. Ek FC Emmen (11-0) en De Graafschap (10-0) wiene al fierstente sterk foar de ploech út Groesbeek.

(advertinsje)