Ferkiezingsstriid yn Noardeast-Fryslân oer gaswinning en âldjierstradysjes

05 nov 2018 - 19:29

Oer 16 dagen meie de ynwenners fan Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân nei de stimbus om de earste gemeenteried fan Noardeast-Fryslân te kiezen. Moandeitejûn is it earste fan fjouwer grutte ferkiezingsdebatten dy't mei troch de gemeente organisearre wurde yn it doarpshûs fan Ternaard. It debat yn Ternaard stiet foar in diel yn it teken fan de gaswinning dy't de NAM by it doarp trochfiere wol.

De njoggen listlûkers fan de weryndielingsferkiezings yn Noardeast-Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

Foar de 9 dielnimmende partijen is it debat yn Ternaard ít momint om har dúdlik út te sprekken oer de gaswinning. Yn it doarp Ternaard is der in soad ferset tsjin it winnen fan gas. De oerheid hat dêr wat nijs op betocht: in saneamd 'omjouwingsproses' moat doarp en omjouwing meiprate litte oer de betingsten fan gaswinning, wêrby't yn it foar goede ôfspraken makke wurde oer it fergoedzjen fan skea.

Kin gemeente gaswinning opkeare?

It doarp kin ek winsken ynbringe yn dat proses. In mooglike útkomst fan it proses kin ek gjin gaswinning wêze, mar der binne yn Ternaard net in protte minsken dy't dat leauwe. De grutte fraach is no: kin en wol de nije gemeenteried de gaswinning by Ternaard ek opkeare?

Der dogge njoggen partijen mei yn Noardeast-Fryslân. It giet om de lanlike politike partijen CDA, ChristenUnie, PvdA en VVD, de FNP en de pleatslike politike formaasjes Gemeentebelangen, SIN, de Eerste Lokale Partij-Noardeast-Fryslân (ELP) én de Waddenpartij.

Fitty op sosjale media

Op sosjale media sitte guon partijen inoar al aardich yn it hier. Op dit stuit is der op Facebook in fûle diskusje tusken de FNP en de ELP. It giet om de pleatslike tradysjes mei âld en nij. De Eerste Lokale Partij seit dat de bestjoerders fan no dy tradysjes fierder oan bannen lizze. FNP'er Aant-Jelle Soepboer fielt him yn dy diskusje persoanlik oanfallen troch de ELP.

De fitty tusken FNP en ELP is mar in lyts foarbyldsje, want ferskate partijen binne hiel drok oan de gong mei vlogs, filmkes en selfies. De gemeente docht der ek oan mei. Dy is drok dwaande mei in kampanje om minsken op te roppen om nei de stimbus te gean, want by weryndielingsferkiezings is de opkomst faak leech.

Ek it CDA is hiel drok mei sosjale media. Wethâlder Esther Hanemaaijer fan - no noch - Dongeradiel, wie ferline wike drok oan it vloggen en selfies oan it meitsjen mei partijlieder Sybrand Buma, doe't dy even yn Dokkum wie. De partij SIN hat sels in kampanjeliet opnommen op de wize fan 'Zoutelande' mei as titel - fansels - Noardeast-Fryslân.

Esther Hanemaaijer oan it floggen mei partijlieder Sybrand Buma - Foto: Omrop Fryslân

De útslach is by weryndielingsferkiezings hiel dreech te foarsizzen. Yn de trije âlde gemeenten is it CDA fierwei de grutste partij. De kâns is dêrom reëel dat dizze partij op 'e nij as grutste út de bus komt. De FNP is tradisjoneel ek aardich sterk yn Noardeast-Fryslân, mar partijen as PvdA en VVD binne dat wer folle minder.

Grutte útdagingen

De PvdA is trouwens de iennichste partij mei in froulike listlûker: Gryte Schaafstal. Sy komt út Kollumerlân en is dêr aardich bekend. Har grutte útdaging is om ek kiezers te lûken yn Dongeradiel en Ferwerderadiel. De VVD hat itselde probleem: wethâlder Jelle Boerema út Muntsjesyl is listlûker. Hy is bekend yn Kollumerlân, mar de VVD krijt tradisjoneel yn Dongeradiel en Ferwerderadiel mar in pear stimmen. En dan komme fansels dy fjouwer konkurrearjende lokale partijen yn byld.

Noch trije debatten

De ferkiezingsstriid giet noch wol even fierder yn Noardeast-Fryslân. Nei jûn binne der ek noch debatten yn Kollum, op 12 novimber, yn Burdaard op 16 novimber.

Op 19 novimber is it slotdebat yn de Dokkumer IIsherberch. It is op dit stuit noch net dúdlik oft ELP dêr wol oan meidwaan sil. Dy partij hat prinsipiële beswieren tsjin in polityk debat yn in tsjerklik gebou en sil dêrom pas letter beslute oft se wol of net meidogge oan dat slotdebat.

Ferslachjouwer Onno Falkena oer it debat yn Ternaard

Onno Falkena sil ek live ferslach dwaan fan it debat op Twitter. Dat is hjirûnder te folgjen. It debat set om 20.00 oere útein.

(advertinsje)