Meriant-direkteur fan 1 jannewaris ôf nei oare soarchynstelling

05 nov 2018 - 18:49

Meriant-direkteur Hugo Broekman wurket fan 1 jannewaris 2019 net mear foar Meriant. Hy wurdt dan bestjoerder by Frion, in soarchynstelling foar minsken mei in ferstanlike beheining. Dêr wurkje mear as 900 minsken. Frion hat lokaasjes yn Zwolle, Steenwijk, Hasselt en Zwartsluis.

Lindestede yn Wolvegea - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De direksje fan Meriant lei ferline wike ûnder fjoer by it fakbûn FNV en in diel fan de wurknimmers op de lokaasje LindeStede. Sy sizze dat der in eangstkultuer hearsket. Broekman koe him net fine yn de krityk.

"Jammer dat hij gaat"

Dat Broekman oer twa moanne fuortgiet by Meriant, hat dêr neat mei te krijen. "Hij had een opdracht voor drie jaar bij Meriant. In die tijd heeft hij heel veel gedaan. We hebben een hele verandering doorgevoerd", seit in wurdfierder. "We vinden het jammer dat hij gaat, want hij heeft veel goeds gedaan. Bij het grootste gedeelte van de organisatie is hij geliefd. Maar het was echt een klus voor drie jaar en die periode zit er nu op."

Meriant set sa gau as mooglik útein mei it sykjen fan in nije kandidaat.

(advertinsje)