Omropman Koos Wieling nimt ôfskied: "Ik ha in prachtige tiid hân"

05 nov 2018 - 17:37

Koos Wieling nimt nei 27 jier ôfskied fan it wurk as sportferslachjouwer by Omrop Fryslân. Syn lêste put wie it ôfrûne wykein yn Thialf by it reedriden, de kwalifikaasjewedstriden foar de wrâldbeker. Geert Kuiper, speaker fan tsjinst, naam even de tiid om Koos te betankjen en alle goeds ta te winskjen. It publyk begûn spontaan te applaudisearjen. Want elkenien ken Koos syn stim en op de sportfjilden en sporthallen kenne se ek syn holle.

Koos Wieling - Foto: www.orange-pictures.nl

Reaksjes út de hiele wrâld

Ut de hiele wrâld wei komme reaksjes. Hurdfytser Lieuwe Westra reagearret út Australië wei, de eardere parsesjef fan SC Hearrenfean docht dat út Sri Lanka wei. Reedrider Jorrit Bergsma plofte snein even neist him del yn Thialf. Kollega's en âld-kollega's stjoere him in appke, kollega's fan de Ljouwerter Krante dogge dat ek. Ek Harm de Wagt, âld-foarsitter fan ONS, lit wat fan him hearre.

Ald-fuotballer Ronnie Pander ferwurdet it sa:

Koos Wieling bedankt!!

Bedankt voor de fijne stem op de radio. De kundige informatie, de fijne verslaggeving van welke sport dan ook.

Met passie voor de sport, het geluk uitstralend dat je deze mooie baan mocht hebben. Waar mogelijk licht kritisch in interviews maar altijd zeer respectvol. Fijn om als medesportliefhebber mee te werken!

Nogmaals dank en geniet van een mooi pensioen!!

It rekket Koos, mar hy fynt alle oandacht ek suver wat tefolle eare. "Sels sit ik net op Facebook en Twitter, mar wat dêr foarbykomt, krij ik trochstjoerd. Dat docht je wol wat. Dat minsken je wurdearje om je wurk, dat is moai."

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

"It wie wol spannend, mar ik ha ja sein"

"Yn 1991 bin ik begûn as freelancer. Ik waard belle troch Eelke Lok, hy woe ris mei my prate, want de Omrop krige mear stjoertiid. Ik stie foar de klasse yn Reduzum en soe foarsitter wurde fan de Fryske ôfdieling fan de KNKV, it kuorbalbûn. Ik kuorballe sels ek, want yn Reduzum koest net iens fuotbalje, dat is in echt kuorbaldoarp. It wie in dream dy't útkaam. As spiler wie ik wolris ynterviewd troch Sjouke Lousma en doe tocht ik: dat kin ik sels ek wol. It wie wol spannend, mar ik ha ja sein."

Koos Wieling yn 2017 by de maraton op natueriis yn Noordlaren - Foto: www.orange-pictures.nl

"Alles koe"

Yn 1996 makke er de oerstap en hy hat der noait spyt fan hân. "Der kaam in fakatuere. We krigen de rubryk sport tusken de middei. Dat wie noch op de Grienewei yn Ljouwert, it wie in lyts klupke. Sa bin ik deryn rûgele, moai deropút. It wie in moaie tiid, alles koe. Ik ha wol mei de auto nei it reedriden yn Collalbo en Inzell west, mar ek ferslach dien fan it NK op natueriis. Ik mocht sa'n 35 kear mei SC Hearrenfean mei nei it bûtenlân, ynklusyf de Champions League. It wie yntinsyf, mar it wie in prachtige tiid."

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Koos wie ek by de Alvestêdetocht en hat in protte ferslach fan it hurdfytsen dien. "Mei in sjauffeur gie ik op 'en paad mei de POTS, mei dy auto koest sels ferbiningen lizze."

Sels nei Súd-Koreä?

Ek fan de Fryske sporten lykas it fierljeppen, skûtsjesilen en fansels it keatsen op de PC die er ferslach. Hy wie sels by de lêste Olympyske Spelen yn Pyeongchang, of dochs net.

"Dêr kamen lilke mailtsjes oer, dat wie dochs fierstente djoer foar de Omrop om hielendal nei Súd-Koreä te fleanen. Mar minsken seagen my oan foar ferslachjouwer Bert Maalderink, dy hat krekt sa'n keale holle as ik. Ik siet gewoan by de Omrop, yn de biezemkast, in lytse radiostudio, om kommentaaar te jaan by de bylden fan de NOS."

Ek by de Spelen yn Sotsji die er op dy manier ferslach fan it reedriden. Hy wit it noch goed, doe fersloech Jorrit Sven op de tsien kilometer.

Moaiste wurk fan de wrâld

"Ik hie it moaiste wurk fan de wrâld. We seagen net nei de oeren, oft we tritich, fjirtich of fyftich oeren wurken; it wurk moast dien wurde. Hjoed-de-dei is dat oars, no moatte we as boekhâlder de oeren byhâlde. En der kin folle minder." Dat der minder romte foar de sport is, docht him sear.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Hoe wie de lêste dei?

"Dy wie frij gewoan, ik wie dwaande, lykas altyd, om de sportplanning foar de kommende wike te meitsjen. En doe stienen ynienen allegear minsken op in protsje en dy stienen dêr foar my. Doe bin ik tasprutsen en krige ik kado's en moast ik sels ek wat sizze. Dat wie wol moai."

Yn syn lêste mail skreau er: It giet jimme allegear goed en ik kom noch wolris del'.

En wat sil er no?

"It sil wol omstean wêze, mar ik ha in listje fan dingen dy't ik dwaan kin. Mar de sport yn Fryslân is my noch lang net kwyt. Ik kom oeral noch, want it is leafde. Ik ha fan myn hobby myn wurk makke en wat is der no moaier as dat. En as der in Alvestêdetocht komt, dan sil de Omrop my wol belje en dan kom ik."

De lêste twa jier die er ferslach fan it IFKS-skûtsjesilen. "As se net in opfolger fine, dan kin it bêst wêze dat ik dêr noch wer in kear ynstap."

Koos Wieling oer syn ôfskied yn Weistra op wei

Foto: Omrop Fryslân

Skoalmaster

Wat minder, of miskien hielendal net, bekend by it grutte publyk is, is dat Koos Wieling de lêste jierren twa kear wyks moarns om seis oere op de Omrop wie, as ynternetredakteur. Want neist syn leafde foar de sport, is syn leafde foar de Fryske taal ek grut.

As 'gewisse' fan de Omrop rûn er mei in flaterbriefke by kollega's del om út te lizzen hoe't se better Frysk skriuwe koenen. "Dat is de skoalmaster yn my."

(advertinsje)