Oanhâlding nei autobrannen op De Jouwer

05 nov 2018 - 17:29

De plysje hat in man fan 32 jier út Noardwâlde oanholden. Hy wurdt fertocht fan belutsenens by twa autobrannen yn maart en april op De Jouwer. It telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht joech in wike lyn omtinken oan de saak. Der kamen doe seis tips binnen.

De útbrânde Tesla fan april - Foto: J. de Jong

It telefyzjeprogramma liet bylden sjen mei dêrop de auto fan de man dy't derfan fertocht wurdt dat er oant twa kear ta de Tesla fan in bewenster fan de Driessenstrjitte yn 'e brân stutsen hat. De earste kear wie yn de nacht fan 4 op 5 maart, de twadde kear yn de nacht fan 18 op 19 april.

De plysje tinkt dat de brânstichtingen te krijen hawwe mei it wurk fan de frou, dy't as kurator belutsen is by de ôfhanneling fan falliseminten.

It ûndersyk nei de autobrannen giet noch wol troch. Mooglik binne mear minsken derby belutsen.

Trefwurden: 
De Jouwer autobrân Tesla
(advertinsje)