Wedstriid fan de wike: maratonreedriden op It Hearrenfean

05 nov 2018 - 17:20

In Fryske oerwinning siet der dit seizoen noch net yn, mar wat wiene se der tichtby. Bianca Bakker waard trije kear tredde en ek Arjan Stroetinga einige trije kear op it poadium. Dit wykein is de KPN Maraton Cup op It Hearrenfean. Alle reden dus op de fjirde maraton fan dit seizoen de 'wedstriid fan de wike' te meitsjen.

Wedstriid fan de wike KPN Maraton Cup 4 - Foto: Omropfryslân

It maratonseizoen is ta oan syn fjirde wedstriid. Sjoerd den Hertog is klassementslieder by de manlju, mei krekt dêr efter Arjan Stroetinga. De Fries helle twa twadde plakken en in tredde, mar hy koe it oant no ta noch net ôfmeitsje. De Belch Bart Swings wûn de lêste maraton yn Utrecht.

By de froulju is Bianca Bakker de Fryske ferrassing oant no ta. Se waard trije kear tredde oant no ta. Se wûn dus noch net, mar se stiet tegearre mei in oare Fries wol earste yn it klassemint. Manon Kamminga wûn ek noch net, mar hat wol de measte punten. De lêste maraton waard wûn troch Francesca Lollobrigida.

Foto: Timsimaging

Potinsjele Alvestêdetochtwinner

"Maraton is foar de measte Friezen noch altyd in belangrike sport. It tal takôgers is wol ôfnaam, al liket it de lêste tiid wer wat populêrder te wurden," seit sportferslachjouwer Roelof de Vries. "De Alvestêdetocht hinget fansels altyd boppe de merk. Dit binne de potinsjele helden fan de takomst. Ien fan dizze riders skriuwt miskien ea wolris skiednis. Mar ja, wannear? De sport is yn alle gefallen ûnderskat."

Omrop Fryslân hat de 'Wedstriid fan de wike'. Alle wiken stiet op radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)