De brêge by Spannenburch lit betonstikjes los oan de ûnderkant

05 nov 2018 - 17:09

De brêge oer it Prinses Margriet Kanaal by Spannenburch is yn minne steat. De ûnderkant fan de brêge lit sa no en dan betonstikjes los. Rykswettersteat hat feilichheidsmaatregels nommen. Om foar te kommen dat dy nei ûnderen falle is de brêge oan de ûnderkant ôfdutsen mei plastic.

Foar it ferkear binne de gefolgen minimaal. Allinnich frachtferkear mei in aslêst fan tsien ton en in totaal gewicht fan 50 ton kin der net mear oerhinne en moat omride.

Neffens Rykswettersteat giet it mar om in pear frachtweinen.

Jan Jozeph Dalstra fan Rykswettersteat

Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Ta oan ferfanging

De brêge by Spannenburch is boud yn 1950 en is dus 68 jier âld. Dan komt ferfanging yn sicht. Op 22 novimber is der bestjoerlik oerlis mei de minister en dy moat beslute wannear't de brêge ferfongen wurde sil. Dy ferfanging sil plakfine tusken 2024 en 2026.

Ek de brêgen by Top en Twel en Aldskou wurde dan ferfongen. Dy brêgen binne like âld as de brêge by Spannenburch.

(advertinsje)