Kick Out Zwarte Piet sil demonstrearje yn wykein fan Sinteklaasyntochten yn Dokkum en Ljouwert

05 nov 2018 - 16:51

Aksjegroep Kick Out Zwarte Piet sil yn it wykein fan 17 en 18 novimber demonstrearje op ferskate plakken yn it lân, werûnder yn Dokkum en Ljouwert. Yn dat wykein binne rûnom Sinteklaasyntochten.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De groep hat it jier 2018 beneamd ta 'Het jaar van de solidariteit' en wol dêrom yn achttjin gemeenten yn aksje komme tsjin de karikatuer fan Swarte Pyt.

Neffens de aksjegroep stean hieltyd mear Nederlanners iepen foar feroaring en in 'racisme-vrij kinderfeest'. De protesten by Sinteklaasyntochten bliuwt in effektyf middel om de dialooch op gong te bringen, skriuwt de groep op de eigen webside. De groep is freedsume protesten fan doel, wêrby't gjin geweld, provokaasje of agresje brûkt wurdt.

Minsken dy't meidwaan wolle oan de demonstraasjes, kinne harren oanmelde op de webside fan KOZP of by de eveneminten op Facebook..

Foto: ANP

Noch gjin offisjele oanfraach

De gemeenten Ljouwert en Dongeradiel hawwe noch gjin offisjele oanfraach binnen krigen fan Kick Out Zwarte Piet oer de demonstraasjes. Oant dy tiid wolle se ek noch net yngean op de plannen fan de aksjegroep.

Kick Out Zwarte Piet skriuwt sels dat se yn oerlis mei de pleatslike demonstranten de gemeenten op de hichte bringe sille. Dan kinne dêrnei ôfspraken mei boargemaster en plysje makke wurde oer hoe't it protest feilich ferrinne kin.

Ferline jier tsjinhâlden

Ferline jier waarden anty-Swarte Pyt-demonstranten tsjinhâlden op de A7 by De Jouwer troch in groep dy't net woe dat se by de lanlike yntocht yn Dokkum protestearje soene. De 34 blokkearders moasten ferline wike foarkomme foar de rjochter.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(advertinsje)