Darter Mats Gies yn pûlfaze útskeakele op Jeugd-WK

05 nov 2018 - 16:44

De Holwerter darter Mats Gies is yn de pûlfaze fan it wrâldkampioenskip oant 23 jier útskeakele. Yn Wigan wûn er ien wedstriid, mar ferlear er de twadde. Allinnich de pûlwinners giene troch nei de knock-outfaze.

Foto: Omrop Fryslân

Gies wûn mei 5-2 fan John Brown út Ingelân. De tredde darter yn de pûl, de Belch Brian Raman, wûn ek mei dy sifers fan Brown. Dêrom kaam alles oan op de lêste pûlwedstriid. Dêryn ferlear Gies mei 5-3 fan Raman.

Der begûnen 96 dielnimmers oan it Jeugd-WK.

Mats Gies

Trefwurden: 
Holwert WK darten Mats Gies
(advertinsje)