Wurkstraf foar bedriigjen en stalken Dokkumer plysjes

05 nov 2018 - 16:32

De rjochter hat in 33-jierrige man in wurkstraf fan 100 oeren en in lokaasje- en kontaktferbod oplein. Hy mei trije jier lang net yn de buert fan it plysjeburo yn Dokkum komme en likemin kontakt sykje mei twa plysjes dy't dêr wurkje. Hy hat de twa plysjes stalkt en bedrige. As de 33-jierrige man him net oan it lokaasje- en kontaktferbod hâldt, dan moat er 90 dagen sitte.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De man wennet yn Biddinghuizen en hat earder yn Wâlterswâld wenne. Neffens him hat de plysje him in pear jier lyn behindere oanjefte te dwaan. Dêrom hat er de twa plysjes fan maart 2015 ôf ferskate kearen benadere op harren tsjinsttelefoan, somtiden middenyn de nacht. Hy hat se telefoanysk, mei sms en e-mail stalkt. Hy hat him ek driigjend útlitten oer de bern fan ien fan de twa plysjes.

(advertinsje)
(advertinsje)