Trije ton foar fytspaad tusken Dronryp en Deinum

05 nov 2018 - 15:58

Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Waadhoeke wolle 300.000 euro útlûke foar in nij fytspaad by it Van Harinxmakanaal del nei de Puollen. It giet om in noch ûntbrekkend stik fan 2 kilometer fan de fytsrûte nei Deinum en Ljouwert.

Fytspaad - Foto: Shutterstock.com

Fytsrûte fan no is ûnfeilich

Waadhoeke sjocht de oanlis as in unike kâns, omdat de provinsje meikoarten begjint mei it opknappen en natuerfreonlik meitsjen fan de wâlskanten fan it kanaal. Dat smyt flinke finansjele foardielen op. Fytsers nei Deinum en Ljouwert moatte it earste part fan harren reis no gebrûk meitsje fan de Puoldyk. Dêr ride ek trekkers en oar lânbouferkear. Yn it doarp wurdt dat sjen as ûnfeilich.

It bestjoer fan de âlde gemeente Menameradiel woe it ûntbrekkende stik fytspaad ek al oanlizze, mar hat wachte op de kâns om it wurk tagelyk út te fieren. Boargemaster en wethâlders fan Waadhoeke tinke dat it jierren duorje sil, as de gemeente no gjin jild op it kleed leit.

Neffens it kolleezje is der al praat mei de eigeners fan de grûn by it Van Harinxmakanaal del. Sy soene ree wêze om in stikje grûn te ferkeapjen, om de oanlis fan it fytspaad mooglik te meitsjen.

Nij fytspaad ek foar nei it wurk

It fytspaad fan Dronryp nei Deinum en Ljouwert wurdt net allinnich brûkt foar toeristysk fytsferkear. De gemeente tinkt dat it rêstige paad troch de greiden en by it wetter del ek autobestjoerders oerhelje kin om de auto stean te litten en op de fyts nei it wurk te gean.

Trefwurden: 
Dronryp Deinum fytspaad
(advertinsje)