Antonius Zorggroep docht bod op spoedsoarch en akute ferloskunde yn polder

05 nov 2018 - 15:56

It is net ferstannich om te besykjen om wer spoedeaskjende help yn Lelystêd op te setten. Dat seit de direksje fan de Antonius Zorggroep yn Snits. Neffens de direksje moatte sikehûzen har de kommende jierren fierder spesjalisearje en dêrtroch is konsintraasje net foar te kommen.

Foto: Omrop Fryslân

It iepenhâlden fan Lelystêd soe 'in stap tebek' wêze, sa seit de direksje fan Antonius en is ek net finansjeel helber. De omlizzende sikehûzen hawwe wol de 'kennis en kunde' yn hûs om dizze soarch te leverjen.

De Antonius Zorggroep hat earder al in bod dien op de soarch fan de fallite MC Groep yn de Noardeastpolder en op Urk. Antonius is dêr no al aktyf en wol dat fierder útwreidzje.

Oanfoljend bod

Antonius hat dêrby dizze moandei noch in oanfoljend bod dien, om de spoedsoarch en de akute ferloskunde foar ynwenners fan de Noardeastpolder en Urk te garandearjen. Dat soe dan moatte troch ekstra spesjalisten yn te setten en ekstra medysk personiel.

Yn de Noardeastpolder en op Urk moatte dan wol ekstra ambulânses komme. Dan wurdt de oanrydtiid nei Snits fermindere fan 40 nei 30 minuten.

(advertinsje)