Bekerwedstriden beide Fryske klups op woansdei 19 desimber

SC Hearrenfean en SC Cambuur komme beide op woansdei 19 desimber yn aksje foar de KNVB-beker. De twa Fryske klups pleatsten har ferline wike foar de achtste finalen. Moandei hat de KNVB it spylskema bekend makke.
© ANP
De Feansters spylje op dy woansdei yn Heemskerk om 18.30 oere tsjin treddedifyzjonist ODIN'59. Cambuur begjint letter op de jûn út tsjin earedifyzjonist Fortuna Sittard: om 19.45 oere.
De kompetysjewedstriid fan Cambuur tsjin MVV is dêrom ferpleatst nei snein 23 desimber. Earst soe dy wedstriid yn Maastricht op freed 21 desimber wêze.