Riedsleden yn lytse gemeenten krije in hegere fergoeding

05 nov 2018 - 14:35

Riedsleden yn lytse gemeenten lykas de waadeilannen Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach, mar ek Harns en Dantumadiel, krije tenei in hegere fergoeding. Dat hat minister Ollongren fan Binnenlânske Saken besletten.

It gemeentehûs fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Yn de allerlytste gemeenten krigen riedsleden goed 250 euro. Dat bedrach wurdt oplutsen nei 959 euro yn alle gemeenten mei minder as 24.000 ynwenners. De ferheging is bedoeld as erkenning foar de ynset fan riedsleden.

De minister wol der sa foar soargje dat it riedswurk oanloklik bliuwt. De fergoeding jildt mei weromwurkjende krêft, mei yngong fan 29 maart. Riedsleden dy't doe al ynstallearre binne, kinne dus noch in flinke taslach ferwachtsje.

Ferskil mei grutte gemeente

Der bliuwt noch wol in flink ferskil mei grutte gemeenten. Yn de grutte stêden lykas Amsterdam en Den Haag (mei mear as 375.000 ynwenners) krije riedsleden hast 2.400 euro yn de moanne.

Riedsleden yn lytse gemeenten fûnen dat yn it ferline faak ûnearlik, omdat sy likegoed in soad tiid yn it riedswurk stekke moatte.

(advertinsje)