Soad rekôrs op Thialf: iismaster Boomsma is tefreden

05 nov 2018 - 13:49

It reinde persoanlike rekôrs it ôfrûne wykein yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Net allinnich moai foar de reedriders, ek moai foar iismaster Beert Boomsma. Earder dit jier wie der in soad krityk op de iisflier. Guon sporters brochten dat nei bûten fia Twitter.

Patrick Roest - Foto: OrangePictures

It ôfrûne wykein bleau it op dat mêd stil by de sporters, nettsjinsteande dat de iisflier der hiel goed by lei en foar rekôrs soarge.

Konstante kwaliteit

Dochs is iismaster Boomsma in tefreden man. It iis hat no in konstante kwaliteit en dêr wie it him om te dwaan. Thialf stie altyd al bekend om syn rappe iis, mar skoarde tusken in 7 en in 9. De kwaliteit is no folle konstanter.

Dat it earder dit jier misgie, hearde neffens Boomsma by it proses om it iis better te meitsjen. Der siet neffens him wat yn it iis, dat der net yn hearde. En dat is der no út.

Prachtich wykein

It iis wurdt no noch makke mei in tydlike ynstallaasje, mar der komt oer twa wiken in definitive ynstallaasje. ''It moaie is dat it plan sa't wy dat yn it foar betocht ha, wurket. Ik ha in prachtich wykein hân'', seit Boomsma.

(advertinsje)