Deputearre Kramer wol prate mei Patyna oer berikberheid op plattelân

Soarchynstelling Patyna hat grutte muoite om personiel te krijen foar de soarchynstellings op it plattelân. Benammen de jonge wurknimmers binne net te finen. Neffens Patyna komt dat trochdat der foar dy groep gjin wenningen binne en yn de wykeinen en op jûntiden ride der net foldwaande bussen of soms ride se sels hielendal net mear.
Patyna © Patyna
Personiel dat ôfhinklik is fan iepenbier ferfier kin sa net op 'e tiid op it wurk komme of moat jûns earder fuort. Neffens Patyna spilet it net allinich by harren, mar sitte oare bedriuwen ek mei itselde probleem.
"Dit spesifike probleem is net bekend by de provinsje, mar de berikberheid op it plattelân oer it generaal is wol in bekend probleem," seit deputearre Johannes Kramer. Ferfier falt ûnder it foech fan de provinsje, dus is hy ree om mei soarchynstellings en gemeente te praten.

Oplossingen sykje

"It is belangryk dat soarch berikber is, mar we sjogge ek dat net alle bussen likefol sitte. It is in djoere foarm fan ferfier. We kinne sjen nei oare mooglikheden fan ferfier, lykas in elektryske fyts of in lease-auto. Ekstra bussen ride litte kin net samar, we moatte sjen nei maatoplossingen. De provinsje stiet noed foar in leefber plattelân, we moatte sjen nei wêr't ferlet fan is en dêr oplossingen foar sykje."
Deputearre Johannes Kramer