Films fan it NFF by Omrop Fryslân te sjen

05 nov 2018 - 22:01

Fan moandei 5 oant snein 11 novimber stiet Ljouwert wer folslein yn it ramt fan it Noordelijk Film Festival. It festival duorret dit jier in pear dagen langer yn ferbân mei LF2018. Omrop Fryslân is der alle wurkdagen by mei in wiidweidige útstjoering út De Harmonie wei. Yn dit programma petearen mei filmmakkers en reportaazjes. Alle jûnen stjoere wy ien of soms twa films út.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Op de earste jûn sil presintator Karen Bies yn petear mei Max Ploeg, dy't ferline jier mei syn film 'Zo eerlijk als een hond' de studintekompetysje wûn op it Noordelijk Film Festival. Dizze film sil ek útstjoerd wurde by Omrop Fryslân.

De film giet oer Max syn beppe Adrie en de leafde foar har hûntsje Rakker. "Dieren besodemieteren je niet. En van mensen moet je het maar afwachten." Yn de film sjochst dat Adrie wat ferskrikliks meimakke hat yn har libben en wêrom't se no al har leafde en fertrouwen by har hûntsje leit.

Benaud foar kikkerts

Fierders wurdt de film 'Raffaelo in het wild' fan Rachel Visscher, de 'Beste Korte Film' fan it NFF yn 2017 sjen litten. In film oer in jonkje út Drachten, dy't letter biolooch wurde wol, lykas Freek Vonk. Mar it probleem is dat hy benaud is foar kikkerts. By de film litte wy in reportaazje sjen fan ferslachjouwer Wendy Kennedy, dy't by Rafaello op besite giet.

Nije generaasje

Mei Joris Hoebe fan New Noardic Wave en artistyk lieder Fredau Buwalda fan it NFF praat Karen Bies oer de nije generaasje filmmakkers yn Noard-Nederlân.

It NFF by Omrop Fryslân

Moandei 5 novimber oant en mei freed 9 novimber 2018 is Omrop Fryslân alle jûnen fan 21.00 oant 22.00 oere op it Noordelijk Film Festival. Yn dit programma binne petearen mei filmmakkers en reportaazjes te sjen. Dêrnjonken stjoere wy alle jûnen ien of soms twa films út.

(advertinsje)