Houtmuseum Drylts wol gearwurkje mei mûne De Rat

It nije Houtmuseum yn Drylts wol graach sa gau as mooglik gearwurkje mei houtseachmûne De Rat. Neffens it bestjoer fan it museum soene beide toeristyske ynstellings elkoar fersterkje kinne.
Houtmuseum Drylts wol gearwurkje mei mûne De Rat

Bytsje nuver

Foarsitter Piet Hoogeveen fan it Houtmuseum leit út wêrom't it museum graach gearwurkje wol. "De toeristen dy't hjir komme, fine it nuver dat se net by ús in kaartsje keapje kinne foar de mûne of in kombykaartsje. En sels fyn ik dat eins ek." De gebouwen steane njonken elkoar en neffens Hoogeveen tinkt elkenien no al dat it by elkoar heart, mar dat is net sa.

Wol of gjin goed idee

It idee foar it Houtmuseum komt oarspronklik by it bestjoer fan houtseachmûne De Rat wei. Mar neidat it beslút naam wie om it museum te bouwen, ûntstie der diskusje oer oft it wol sa'n goed idee wie.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ferskillende doelen

De houtseachmûne is in monumint en hat as earste prioriteit it yn stân hâlden fan de mûne. It nije museum hat as doel sa folle mooglik toeristen te lûken. It is finansjeel ôfhinklik fan it tal toeristen dat binnenkomt. En as dat der net genôch binne, dan soe dat ek gefolgen hawwe kinne foar de finânsjes fan de mûne.

Rebûlje

It soarge foar safolle rebûlje binnen de organisaasje dat besletten waard dat de houtseachmûne los stean moast fan it nij te bouwen museum. Wol soe it museum noch boud wurde mei hout dat kocht waard fan De Rat, mar ek dat gie op it lêste momint net troch.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Mei help fan de gemeente kaam dat museum der lykwols dochs. Yn novimber ferline jier waard it gebou oplevere en yn april giene de doarren foar it earst iepen.

"It kin better"

Yn it earste jier kamen der rûchwei fjouwertûzen minsken by it museum oer de flier. In reedlik oantal foar it earste jier, mar it kin better, sa fynt Hoogeveen. "Neffens my kinne de mûne en it museum elkoar fersterkje, troch bygelyks kombykaartsjes oan te bieden. Mar ek ynhâldlik soene we gearwurkje kinne", seit Hoogeveen.

Museum noch net op oarder

By de houtseachmûne steane se iepen foar de gearwurking, mar dan moat der wol wat feroarje, seit mûner Simon Jellema. "Neffens ús hawwe se it museum noch net bepaald op oarder. Sa is foar minsken dy't troch Drylts komme net rjocht dúdlik wat it museum no krekt is. Boppedat binne se sa faak ticht en is de eksposysje net goed genôch. Der sit noch net echt in dúdlik ferhaal yn", seit Jellema.

Argewaasje troch miskommunikaasje

Neffens de mûner is it fan it begjin ôf oan misgien yn de kommunikaasje tusken de beide bestjoeren. It hat soarge foar in soad argewaasje en yrritaasje. Jellema: "Der wurde ferwachtings oproppen, dy't net wier makke wurde. Dat wie bygelyks ek sa mei de bou. Dat soe barre mei it hout dat kaam fan De Rat. Dat dat úteinlik net bard is, fine we noch altyd ferfelend."

Begjin takom jier prate

Dochs hat de houtseachmûne neffens Jellema altyd iepenstien foar in gearwurking en dat is noch altyd sa. "Mar we tille it wol efkes oer dit jier hinne. Begjin takom jier sille we prate."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Hoogeveen jout ta dat der noch wol wat te ferbetterjen falt oan it museum. Sa is it ferhaal fan it museum noch net op oarder. "Wy moasten hiel fluch om't wy iepen wêze woene foardat de fontein offisjeel iepene waard. Dat wie yn april en dêrom stiet alles noch wat lukraak yn de fitrines. Dat moat noch oars, mar dêr binne wy drok mei dwaande."

Drok jier troch de fontein

De fontein stiet njonken houtseachmûne De Rat en njonken it museum. It hat foar beide ynstellings soarge foar in ekstra drok jier. Sa kamen mar leafst achttûzen minsken nei De Rat.
It museum moast it mei de helte minder dwaan, mar neffens Hoogeveen is dat logysk om't se noch mar krekt begûn binne. "Mar as wy gearwurkje, bin ik der wis fan dat we der noch mear út helje kinne."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga