Dronken Jobbegeaster rint by beam omheech

05 nov 2018 - 11:56

De plysje yn Ljouwert seach moandeitemoarn betiid in dronken man oer de Stasjonsstrjitte yn de haadstêd rinnen. Foar't se de man oansprekke koene, botste de 24-jierrige Jobbegeaster tsjin in beam oan. De man koe ienfâldich oanhâlden wurde en krige in proses-ferbaal foar iepenbier dronkenskip.

Beammmen yn it park - Foto: Shutterstock.com
Trefwurden: 
plysje Jobbegea dronken
(advertinsje)