Man skelt plysje de hûd fol

05 nov 2018 - 11:50

In 49-jierrige Ljouwerter is sneintejûn yn de Boeierstrjitte yn Ljouwert troch plysjes út it wetter rêden. De man stie krekt dêr foar te skellen by immen foar de doar. Doe't de plysjes op de melding ôfkamen, stie de man midden yn it wetter.

Foto: ANP

Doe't de plysje de man út it wetter helje woe, begûn er te te roppen en te skellen. Op de fraach wêrom't er sa lilk wie, hie de Ljouwerter eins gjin goed antwurd.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
(advertinsje)