Ynbrekkers nimme sieraden mei yn Ljouwert en Hijum

05 nov 2018 - 11:44

Yn twa huzen yn Ljouwert en Hijum is snein ynbrutsen. By in wenning oan it Leijesterpaed yn Ljouwert brutsen ynbrekkers sneintejûn in doar iepen om binnen te kommen. Se namen sieraden en in kluske mei. By in wenning oan De Loane yn Hijum waard ynbrutsen, wêrby't de dieven in rút oan de efterkant fan it hûs fernielden. Ek hjir waarden sieraden stellen.

Foto: Omrop Fryslan
Trefwurden: 
plysje ynbrekker Ljouwert Hijum
(advertinsje)