Automobilist rydt mei trije soarten drugs op

In 27-jierrige automobilist út Drachten is snein yn de Lange Marktstrjitte yn Ljouwert oanhâlden. De man siet efter it stjoer, wylst er ûnder ynfloed wie fan mar leafst trije soarten drugs: kokaïne, THC en amfetamine.
Drugs © Shutterstock.com
Yn de auto fan de man fûn de plysje ek noch in fleske mei GHB. Dat waard yn beslach naam. Der is proses-ferbaal opmakke en de Drachtster krige in rydferbod foar 24 oeren.