Wetsus ûntwikkelet metoade om fosfaat út wetter te filterjen
Fosfaat út wetter suverje om algegroei tsjin te gean. Dat is de kearn fan NaFRAd, in útfining fan wetterûndersyksynstitút Wetsus yn Ljouwert. Wetsus docht mei oan in wichtige priisfraach yn de Amerikaanske steat Florida, dêr't mei dizze wettertechnology 10 miljoen dollar wûn wurde kin.
Berjocht Fosfaatprojekt Wetsus
Bysûndere kombinaasje
De oanpak fan Wetsus is basearre op twa metoades: filtering fan fosfaat en bining fan fosfaat. Op dizze wize wurdt net allinnich fosfaat út it wetter helle, mar wurdt ek keunstmest produsearre, dat wer brûkt wurde kin op it lân.
Fryske finalist
Wetsus hat de earste trije omgongen fan de priisfraach wûn en docht no noch mei trije oare partijen mei oan de finale. De George Barley Prize, sa as de priisfraach hjit, is útskreaun om it fosfaatprobleem yn it moerasgebiet The Everglades yn Florida op te lossen.
Utfining mei potinsje
Projektlieder Leon Korving sjocht grutte potinsje yn de útfining, dy't neffens him in wichtige rol spylje kin by it oplossen fan it algeprobleem yn oerflaktewetter oer de hiele wrâld.