FIDEO: Sfearferslach Beareloop 2018

05 nov 2018 - 09:59

De 22e Beareloop op Skylge waard snein in edysje ûnder prachtige omstannichheden en mei moaie winners. Wy folgen de dielnimmers op de hiele maraton en makken de folgjende sfearreportaazje.

De útslach

Jan Stuursma út Sappemeer wûn by de manlju yn in tiid fan 2 oeren, 34 minuten en 46 tellen. Riekele Kobes fan It Hearrenfean waard twadde.

By de froulju wie Marjan Oostinga fan Eelde de bêste. Se finishte yn in tiid fan 2 oeren, 58 minuten en 50 tellen. Hinke Schokker fan Eastermar waard twadde. Ylona Kruis út Heech kaam as tredde frou oer de streek.

(advertinsje)