Alie van der Wal nominearre foar BHV'er fan it jier

Alie van der Wal fan HZPC op De Jouwer is tegearre mei 19 oare minsken nominearre foar de titel 'BHV'er fan it jier'. Moandei 5 novimber is it de Dei fan de BHV'er. Op dizze dei wurdt bekend makke wa't wûn hat.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer

"Dit is in kanjer"

Alie is nominearre troch har kollega Gooitzen Riemersma, dy't haad BHV is by HZPC. Neffens him is Alie in flinke trochpakker, dy't as ploechlieder BHV by HZPC goed wurk docht. "BHV wurdt hieltyd wichtiger", fynt er. "Dochs bliuwt it somstiden lestich om minsken te finen dy't it dwaan wolle. It is sa no en dan leuren", jout er ta.
Fandêr dat Riemersma sa wiis is mei Alie, dy't al tal fan jierren BHV'er is. "Dit is in kanjer."
Gooitzen Riemersma

"Ik sil it wol net wurde"

Alie sels is mar wat wiis mei de nominaasje. "Dit is wol in bytsje spannend", laket se. "Mar ik tink net dat ik it wurd hear, want ik ha neat spektakulêrs meimakke dit jier." Stikem is se dêr ek wol bliid mei. "It hat hjir by HZPC lekker rêstich west."
Dochs fynt Alie it goed dat der hieltyd mear minsken BHV'er binne. "Net allinnich op it wurk is it handich, mar ek thús en ûnderweis is it goed om te witten watsto dwaan kinst by in brân of in ûngelok."
Alie van der Wal

Net wûn

Alie har foargefoel blykte goed te wêzen. De sjuery hat in oare kar makke. Alie is net útroppen ta BHV'er fan it jier. De priis giet dit jier nei Aruba. Francis Odor fan in sikehûs yn Oranjestad wint de award en in jildpriis fan 1000 euro.