Kollum: "De gelukkige huisvrouw"

05 nov 2018 - 07:50

"Dit wykein hie ik op 'e kop ôf in jier ferkearing. Op 3 novimber 2017 hiene wy ús allerearste date. En sûnt dy tiid stiet myn libben op 'e kop. Alles gong as yn in streamfersnelling, want 365 dagen letter wenje ik yn Drachten, ha ik twa bonusbern en gean ik frijwillich mei nei Monkeytown. En no komt it; sûnt koart bin ik in 'gelukkige huisvrouw'.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

"Ofrûne woansdei wie ik foar it earst sels 'in charge of' de bern. Woansdeitemiddei moast ik se út skoalle helje en tongersdei om healwei njoggen wie de deadline om se wer op datselde skoalplein ôf te leverjen. Hiel earlik: ik fûn it dea-eng. Oant no ta bleau ik altyd in bytsje op de achtergrûn en wie myn opfoedkundige bemuoienis nihyl. Mar no kaam it der op oan. No wie ik de baas.

Yn de auto woansdeitemiddei op wei nei hûs fertelde ik beide bern dat ik in bytsje senuweftich wie. Dat hoegde echt net, fûn de âldste. De jongste seach syn kâns skoan en frege fuort oft er thús game mocht. Doe't ik nee skodde, stelde er foar om der dan in telefyzjemiddei fan te meitsjen. Dat like my wol in gesellich idee, dus neatfermoedend stimde ik yn mei it plan.

Thús gong de telefyzje fuortendaliks oan. Op YouTube fûn er filmkes fan Pokémon, dêr't er sûnt koart sljocht fan is. As gelukkige huisvrouw naam ik plak njonken de bern op de bank om gesellich efkes mei te sjen. Mar wat is dat ferskriklik. It flitst, it draait, it bliksemt; ik waard der dûzelich fan. De bern fûnen it lykwols prachtich. Hypnotisearre sieten se te koekeloeren. Ik moast foar de telefyzje stean gean as ik wat freegje woe. En dan noch seagen se gewoan om my hinne.

Om seis oere hie de âldste gymmestykles. Dus om fiif oere sette ik it iten op tafel. Foar wa't sa lang foar de telefyzje sit, is iten mar bysaak. Mei muoite wist ik se beide oan tafel te hâlden. Sterker noch; ik ha se fuorre as lytse fûgeltsjes om mar wat nei binnen te krijen. Om se wat te paaien, beloofde ik se in dikke iisko as it board leech wie. Dat duorre folle langer as dat ik pland hie, dus mei it swit yn 'e panty skeaten wy fiif foar seizen de doar út. Klokslach seis oere dropte ik in noch iisko-itend famke by de gymseal.

Doe't ik thús kaam woe de jongste in Dino-tattoo ha. Dêr kin net sa folle mis mei gean, tocht ik. Mar wat die bliken doe't er grutsk as in pau wer út de badkeamer kaam; hy hie 'm pontifikaal yn syn nekke plakt. De bek mei flymskerpe tosken fan in Tyrannosaurus Rex hapte noch krekt net yn syn earlel. Hy koe sa by Henk Schiffmacher yn it span. "Moai", sei ik. Hy knikte grutsk. "Dit mei fan mem noait, mar fan dy wol, hè Nynke."

Jûns moast der toskepoets wurde, de pyjama oan, pisje en boekje lêzen foar it op sliepen gean. Al mei al hie ik se om healwei njoggenen jûns beide te plak. Doe koe ik lang om let bekomme op de bank. Mar ik krige de smart tv net mear fan it Pokémon-kanaal, dus in oerke letter lei ik sels ek al op bêd.

Tongersdei seis oere gong myn wekker. No kaam de echte vuurproef want om healwei njoggenen moast ik de bern 'gevoed en geborsteld' ôfleverje by skoalle. Ik hie foar de sekerheid mar twa oeren ynkalkulearre. As in Switsersk oerwurk hie ik minút foar minút pland wat der gebeure moast: dûse, oanklaaie, ite, hier kamme, toskepoetse en nei skoalle. It paste presys. Acht oere sieten der twa fleurige kopkes njonken my yn de auto.

Doe't ik se beide op it skoalplein dropt hie, wie de misje slagge. Earlik is earlik: ik wie bêst grutsk op mysels. Doe't wy it der de jûns thús oer hiene, die ik dan ek entûsjast ferslach fan de beide dagen. Fan de Pokémon-filmkes, de dikke iisko en de tattoo. "Dus alles is goed gong", wie myn konklúzje. "Ik bin eins best wol in gelukkige huisvrouw", fûn ik sels. Njonken my waard folop gniist. "Dat komt goed út, want nije wike ha wy in bernefeestje yn Spijkerdorp."

(advertinsje)