Foto-útstalling 'Ik ben 2018' iepene

05 nov 2018 - 07:08

It is in lyts ûnderdiel fan de festiviteiten fan dit kulturele jier yn Ljouwert: de foto-útstalling 'Ik ben 2018'. It giet om wurk fan fotograaf Arie Bruinsma. Hy hat 52 minsken portrettearre, dy't op ien of oare wize belutsen wiene by Ljouwert-Fryslân 2018.

Magan Tahir, ien fan de portretearden. - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

In iepen doar as symboal foar gastfrijheid

Bruinsma krige de opdracht alle wiken ien persoan op de foto te setten. Sa woe de organisaasje fêstlizze wat der allegear krekt barde yn dit jier en wat dêrby foar belutsen minsken it ferhaal wie. Alle minsken dy't op de foto setten binne, steane yn in iepen doar. Bruinsma: "Ik wol sa sjen litte dat wy de doar iepenset ha foar minsken fan bûten. It stiet foar gastfrijheid."

Fotograaf Arie Bruinsma

Troch LF2018 yn de kunde mei Fryske kultuer

Magan Tahir is ien fan de minsken dy't op de foto setten is. Hy is flechtling en sit yn in rolstoel. Mar Tahir is ek topsporter. It is him slagge in plak te feroverjen yn it Nederlânsk Tafeltennis Team. Hy waard dêrby stipe troch de organisaasje fan LF2018. Sa kaam er yn 'e kunde mei de Fryske kultuer.

Magan Tahir fûn it in grutte eare om portrettearre te wurden: "Het is alleen maar goed. Ik word echt blij als ik deze foto van mezelf zie. En van dit hele jaar. Het is een grote eer hier tussen te staan."

De útstalling is allinnich dizze moanne te sjen yn it besikerssintrum fan LF2018 yn de stedsoaze yn Ljouwert.

(advertinsje)