Mats Gies yn aksje op WK darten oant 23 jier

05 nov 2018 - 06:54

Darter Mats Gies fan Holwert docht moandei mei oan it wrâldkampioenskip darten oant 23 jier yn it Ingelske Wigan. Gies pleatste him in moanne lyn foar dat WK. Yn totaal binne der 96 dielnimmers dy't stride om de wrâldtitel.

Foto: Omrop Fryslân

De dielnimmers spylje earst yn groepkes fan trije tsjin elkoar. Dêrnei geane de 32 winners fierder yn in knock-out-systeem. Uteinlik bliuwe der twa darters oer. Dy spylje de finale om de wrâldtitel pas yn desimber, tagelyk mei it wrâldkampioenskip foar senioaren.

Optimistysk

Gies is optimistysk oer syn kânsen. Hy hopet de finale fan it jeugdwrâldkampioenskip te heljen. "It wurdt fansels pittich, mar ik soe it geweldich fine om de finale te heljen. As ik in goeie dei ha, is dat in reëel doel. Dan kin ik my seker mjitte mei de bêste darters."

Om de finale te heljen, moat Gies seis partijen winne. Gies hat de ôfrûne wiken ekstra traind. "Moatst soargje datst it ritme der yn hâldst. Dy wedstriiddruk moatst traine. Mar ik bin der klear foar"

Darter Mats Gies is klear foar it WK oant 23 jier

Trefwurden: 
Holwert darten Mats Gies
(advertinsje)