Shorttrackmanlju pakke brûns op ôflossing yn Calgary

De Nederlânske shorttrackers mei Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat en Dennis Visser ha by de earste wrâldbekerwedstriden yn it Kanadeeske Calgary brûns helle op de ôflossing. Hongarije pakte it goud yn in nije wrâldrekôrtiid fan 6.28.625. Nederlân lei lang foarop, mar yn de lêste ronde waard Knegt ynhelle troch de Hongaarske en Súd-Koreaanske konkurrinten.
© AW Foto
De Nederlânske shorttrackfroulju waarden fjirde op it ûnderdiel ôflossing. Yn de slotfaze gong Rianne de Vries yn liedende posysje ûnderút.

Mixed Relay

Foar it earst waard yn Calgary it ûnderdiel Mixed Relay ferriden, wêrby't der sawol manlju as froulju yn it team sitte. Oranje slagge der yn it sulver te pakken op de allerearste Mixed Relay. Yn de ploech sieten Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma. Sina naaide út mei de winst. De Mixed Relay is fan 2022 ôf ek ûnderdiel op de Olympyske Spelen.