Schulting rydt soeverein nei goud op 1000 meter shorttrack

Shorttrackster Suzanne Schulting fan De Tynje hat in gouden medalje wûn op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Calgary. Se wûn de finale mei oermacht.
© ANP
Mei noch fjouwer ronden te gean, fersnelde Schulting. Se seach dat de Sineeske Han efter har foel. De Russyske Prosvirnova en de Frânske Pierron waarden op grutte efterstân twadde en tredde.
Sneon pakte Schulting ek de winst op de 1500 meter. Dêr moast doe in fotofinish oan te pas komme.
De wrâldbeker yn Calgary is de earste ynternasjonale wedstriid fan dit seizoen.

'Fryslân' wint sulver by mixed relay

By de 'mixed relay' is Nederlân twadde wurden. De ploech bestie folslein út Friezen: njonken Schulting stiene ek Rianne de Vries, Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma op it iis.
It wie foar it earst dat dit ûnderdiel - mei manlju en froulju yn ien ploech - yn in wrâldbekerwedstriid ferriden waard. Yn 2022 stiet it op it programma fan de Olympyske Spelen yn Peking. Sina waard earste, en achter Nederlân behelle Súd-Koreä de brûnzen medalje.

Knegt opnij net yn yndividuele finale

Sjinkie Knegt gong yn de kwartfinale fan de 500 meter ûnderút. In iensidich ûngemak: "Te min ûntspanning mei myn skuon op it iis", seit Knegt dêroer. "Mar it giet wol goed, better as ik tocht." Sneon helle Knegt de finale ek al net. Doe waard er diskwalifisearre.
Itzhak de Laat helle op de 1000 meter de B-finale. Dêryn waard er lêste. Rianne de Vries waard útskeakele yn de kwartfinale fan de 500 meter.