UNIS Flyers begjint BeNe-League mei krappe winst yn de ekstra tiid

04 nov 2018 - 22:41

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha it BeNe-Leagueseizoen iepene troch mei 5-4 te winnen fan de Bulldogs út Luik. De wedstriid begûn dreech foar de Flyers. Nei trije minuten stienen de Feansters al mei 2-0 achter.

Foto: www.orange-pictures.nl

It earste doelpunt wie fan Lars Engwegen fan Luik. Tweintich sekonden letter krigen de Flyers noch in tsjingoal om de earen, ditkear troch in skot fan Jordan Paulus.

Trije minuten letter diene de Flyers wat werom fia in treffer fan Ronald Wurm en fuortendaliks dêrnei skoarde Marc Nijland de gelykmakker. De Bulldogs binne yn de earste perioade dochs de boppelizzende partij, mei 3-2, troch in doelpunt fan Bryan Henry.

Opskuor op it fjild

Yn de twadde perioade kamen de Flyers wat werom. Brent Janssen skoarde yn in powerplay de 3-3, nei opskuor op it fjild. Dat pakte goed út foar de Flyers. Trije minuten letter kamen de Feansters foar it earst yn de wedstriid op foarsprong nei in treffer fan Adam Bezak. Sa einige de twadde perioade mei 3-4.

De tredde perioade wie ûngeduerich. Luik wie sterker, en makke de 4-4. De wedstriid waard yn de overtime besletten. De ferlossende treffer kaam fan Marco Postma fan de Flyers.

(advertinsje)