Olde Riekerink sliept dwers troch bekerlotting hinne: "Ik kreeg een appje van mijn dochters"

04 nov 2018 - 22:23

Hearrenfeantrainer Jan Olde Riekerink is net wekker bleaun foar de bekerlotting. En hy wie net de iennige dy't sneon al op bêd lei doe't de tsjinstanner foar de folgjende ronde bekend waard. Spiler Kik Pierie lei om alve oere ek al op bêd.

Hearrenfean treft de amateurs fan Odin '59 yn de tredde ronde fan de KNVB-beker. "Je kunt je allerlei ergere lotingen voorstellen", seit Olde Riekerink. Ajax, Feyenoord en PSV hiene mooglik west. Dan liket in wedstriid tsjin de amateurs ienfâldich. "Maar je moet de huid niet verkopen voordat de beer geschoten is."

"Het is een wedstrijd op zich"

Odin '59 wûn yn de foarige ronde fan de beker mei 3-1 fan Emmen. Hearrenfean kaam snein net fierder as in lykspul. Kik Pierie skrikt dêr net fan. "Een bekerwedstrijd is een wedstrijd op zich." Pierie hat de bekerlotting net live sjoen. Hy sliepte al.

Pierie is net ûntefreden oer de lotting. "Ik heb liever dit, dan Ajax", seit er, "dat lijkt me logisch. "

"Het liefst loot je de tegenstanders waarmee je de kans het grootst acht dat je de finale kunt halen, tegenstanders waarbij je zelf de bovenliggende partij bent. En ik hoop bij amateurs dat wij dat zijn..."

De wedstriden yn de tredde ronde fan it bekertoernoai wurde spile yn de wike foar de krystdagen, op tiisdei 18, woansdei 19 of tongersdei 20 desimber.

Kik Pierie yn de wedstriid tsjin Emmen - Foto: www.orange-pictures.nl
(advertinsje)