FIDEO: Thialf klapt foar de alderlêste bydrage fan Omropman Koos Wieling

04 nov 2018 - 20:46

Ferslachjouwer Koos Wieling hâldt op by Omrop Fryslân. Hy giet mei pensjoen. Jierrenlang die Wieling ferslach fan ûnder oare it reedriden.

Koos Wieling - Foto: www.orange-pictures.nl

"Yn it begjin wurke ik mei Eelke Lok en Sippy Tichelaar, en doe't dy fuortgongen ha ik it oernommen", seit Wieling. "Ik ha hiele moaie reedrydtiden hân. Ik mocht nei Collalbo, ik mocht nei Inzell, en ik wie in hiele protte op Thialf"

Sneintemiddei wie Wieling foar it lêst as radioferslachjouwer te hearren, rjochtstreeks fanút Thialf wei, dêr't striden waard om startbewizen foar by de wrâldbeker. Under de tsienkilometerrit fan Bob de Vries bestege de speaker fan tsjinst oandacht oan it ôfskied fan Wieling.

Wieling hie net ferwachte dat syn namme troch it stadion galmje soe. "Dêr skrikke je fan", sei er even letter op de radio. Der kamen fuortendaliks reaksjes fan de minsken yn it stadion.

"In hiele protte minsken kamen by my. Starters, iismasters, wa dan ek mar. Want hjir leit fansels wol wat. Ik ha hjir hiel wat jierren sitten."

"Ik ha fanalles meimakke"

"Hoe lang? Dat wit ik net iens presys, mar ik ha wolris útrekkene, as der op Thialf in drokke aginda wie, mei NK's en WK's, en wit ik it wat, dan siet ik hjir wolris 25 dagen troch it winterseizoen hinne."

"Dan wie it soms maart, mei de finale fan de wrâldbeker, en dan foelen de protters hast fan it dak ôf, sa waarm wie it, en dan rûn Shani Davis hjir yn in koarte broek om. Ik ha fanalles meimakke."

It nije Thialf

Begjin foarich jier is Thialf hielendal fernijd. En sûnt dy tiid hat der wol wat krityk west op de kwaliteit fan de iisflier. Neffens Wieling is it nivo goed dit wykein. "Dêr bin ik lyrysk oer, fan de earste seis froulju dy't riden ha op de 1000 meter, ha fjouwer in persoanlik rekôr riden."

"En as je dan sjogge hoe't wy hjir no sitte mei in prima parsetribune, mei alles tiptop foar mekoar, goeie sitplakken en in moai restaurant derby: it is in lust om hjir te wurkjen."

(advertinsje)