FIDEO: Riekele Kobes koe op Skylge net winne: "Ik moast ûnderweis even pisje"

Titelferdigener Riekele Kobes fan It Hearrenfean is syn titel kwytrekke by de maraton fan Skylge. Jan Stuursma fan Sappermeer hat de Berenloop wûn. Kobes siet der goed by, mar moast Stuursma gean litte. "Ik moast ûnderweis even pisje, en dêrnei kaam ik der net mear by", sei er nei ôrin.
Riekele Kobes
Ylona Kruis fan Heech wie de tredde frou dy't oer de streek kaam by de Berenloop op Skylge. "It is brûns, mar it fielt as goud," sei se nei ôfrin. "Dat ik sa binnenhelle wurd, geweldich!"
Ylona Kruis
De nûmers ien en twa, Marjan Oostinga en Hinke Schokker, wienen in maatsje te grut foar Kruis. "Dat wist ik moandei al wol. Ik bin supertefreden!"
Ylona Kruis © Omrop Fryslân, Freark Wijma