Hoe kin it dat Hearrenfean it hiele seizoen noch net ien thúswedstriid wûn hat?

04 nov 2018 - 19:13

Al seis kear op rige is Hearrenfean der net yn slagge om thús in kompetysjewedstriid te winnen. Oan de wedstriden tsjin Vitesse (1-1), Feyenoord (3-5), Heracles (3-5), ADO (1-1), Ajax (0-4) en Emmen (1-1) hat Hearrenfean net mear as trije punten oerholden. Ferslachjouwer Arjen de Boer frege oan trainer Jan Olde Riekerink hoe't dat kin.

Olde Riekerink kin net fuort en daliks sizze wat der mis giet by de Friezen. "Ik vind wel, in dit soort wedstrijden moeten wij het spel maken. Van ons wordt verwacht dat wij de bal hebben. Daar moeten we wat mee."

"We krijgen wel veel tegendoelpunten," seit Olde Riekerink. "Het vereist veel aandacht om dat bij te spijkeren." Tsjin Emmen joech Hearrenfean opnij in protte kânsen fuort. "In de rust ben ik daar heel boos over geweest."

Kik Pierie

Yn de slotfaze fan de wedstriid tsjin Emmen krige Kik Pierie in gouden kâns. Hie er in doelpunt makke, dan hie Hearrenfean de wedstriid wûn. Hy miste. "Als je de hele wedstrijd bekijkt, denk ik dat we tevreden mogen zijn met een gelijkspel. Hoe zuur het ook is..."

It iennige doelpunt fan Hearrenfean waard snein makke troch Arber Zeneli. Neffens him wie it gjin goeie wedstriid. Hy wie swier teloarsteld.

De earstfolgjende thúswedstriid fan Hearrenfean is op ien desimber. Dan is Fortuna Sittard de tsjinstanner.

Spilers fan Hearrenfean bale fan it lykspul tsjin Emmen - Foto: www.orange-pictures.nl
(advertinsje)