Jutta Leerdam wint 1000 meter foar Ireen Wüst en Letitia de Jong

Jutta Leerdam hat de 1000 meter wûn op it kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Har winnende tiid 1.15.33. Ireen Wüst waard twadde yn 1.15.57, Letitia de Jong, de winnares fan de 500 meter, tredde yn 1.15.78.
Jutta Leerdam © OrangePictures
Antoinette de Jong waard fjirde yn 1.15.83 en Joy Beune fiifde yn 1.15.94. Dizze fiif froulju har har pleatst foar de earste wrâldbekerwedstriden fan it seizoen.
Ireen Wüst © OrangePictures

Ireen Wüst

Ireen Wüst

Letitia de Jong

Letitia de Jong

Antoinette de Jong

Antoinette de Jong
De 1000 meter by de manlju waard wûn troch Olympysk kampioen Kjeld Nuis mei 1.07.95. Thomas Krol, Kai Verbij, Hein Otterspeer en Gijs Esders binne de oare manlju dy't meidwwan meie op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden.

Massastart

Marijke Groenewoud fan Hallum wûn de massastart by de froulju. Se gong der tegearre mei Melissa Wijfje fan troch, mar allinnich Groenewoud hâld fol. Achter har waard Bianca Bakker fan Wynjewâld twadde.
Douwe de Vries makke it wykein dat foar Team Jumbo eins al slagge wie hielendal kompleet. Hy ried mei Chris Huizinga fuort en Huizinga makke it yn de sprint ôf. De Vries waard sels tredde, krekt achter Arjan Stroetinga, dy't as twadde oer de streek kaam.