Jan Stuursma ferslacht Riekele Kobes by Berenloop op Skylge

Jan Stuursma út Sappermeer hat op Skylge de Berenloop wûn, yn in tiid fan 2 oeren, 34 minuten en 46 tellen. Riekele Kobes út Hearrenfean waard twadde.
Jan Stuursma © Omrop Fryslân, Freark Wijma
De beide mannen hienen in pear minuten foarsprong op de rest fan it fjild, en op it strân fan Skylge koe Stuursma Kobes pas yn de lêste tsien kilometer definityf fan him ôf skodzje.
Kobes wie ien fan de favoriten. Foarich jier wûn er de mataron yn 2:38,37. It parkoersrekôr op Skylge stiet sûnt 2010 op namme fan Remon van Lunzen út Ljouwert mei 2:27,20.

Hinke Schokker twadde by de froulju

By de froulju wie Marjan Oostinga fan Eelde de bêste. Se finishte krekt binnen de trije oeren, yn in tiid fan 2:58,50. Hinke Schokker fan Eastermar waard twadde. Ylona Kruis út Heech kaam as tredde frou oer de streek.